Cover titel

Ensafh

Frysk literêr tydskrift

ensafh is in Frysk literêr ynternettydskrift. Om 'e fjirtjin dagen ferskynt in nije ôflevering. Op ensafh-ôfleveringen binne gedichten, ferhalen, kollums, literêre besprekken, essees en fraachpetearen te lêzen. Mar dat net allinne, nêst de ôfleveringen binne der noch in tal rubriken op te finen (teleks, aginda, meidielings, blogfragminten, poadium en kommentaar) mei literêr nijs, mei literêre en dêr mei ferbânhâldende nijsgjirrichheden, mei diskusje en mieningsfoarming. ensafh hat de ambysje om in digitaal literatuerplein te wêzen.

ensafh is ûntstien út de fúzje fan ynternet-tydskrift Farsk en it yn druk ferskinende tydskrift Hjir. Fan ensafh komme jiers 20 ôfleveringen op ynternet út en 7 nûmers op papier. ensafh-ynternet is frij tagonklik, de papieren nûmers kin in abonnemint (sjoch by abonnemint) op nommen wurde en dy nûmers binne ek yn de boekhannel te keap. De ynternet-ôfleveringen en de papieren nûmers ferskille ynhâldlik fan inoar, mar inkeld ris stiet der wat yn in papieren nûmer dat ek op 'e ynternetside te finen is en oarsom.

Cover titel

Ensafh
Uitgegeven door:
Stichting Hispel / Friese Pers Boekerij
verschijnt verschijnt 7 kear op papier en 20 kear op internet (www.ensafh.nl)

Prijs los nummer: 5,--
Abonnementen:

27,-- (studenten 17,--, buitenland 35,--)


Ga naar website